Auto ynnaam en boat bekeure

17 sep 2011 - 12:48

In 31-jierige Ljouwerter is freed syn auto kwytrekke. De man wie ûnderweis op de Mockemastate doe't er stopje moast fan de plysje. De Ljouwerter hat gjin rydbewiis en waard dêr no foar de tredde kear foar bekeure. Dus naam de plysje de auto ditkear mei.

Op 'e Bonkefeart yn Ljouwert is freed in 36-jierige Grouster op 'e bon slingere. Plysjes seagen fan de wal ôf dat er te hurd fear mei syn boat. Doe't se him dêrfoar oanhâlden, die bliken dat er ek gjin farbewiis hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)