Gokkasten stellen yn Nij Beets
De plysje ûndersiket in ynbraak yn in hoarekagelegenheid oan de Domela Nieuwenhuisweg yn Nij Beets. De doar wie iepenbrutsen.
Der binner ûnder mear twa kompjûters en twa gokkasten meinaam. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.