Ljouwert kin net meane

17 sep 2011 - 12:35

It gers yn Ljouwert is te wiet om te meanen. Om skea oan de gersfjildsjes en de masines foar te kommen, meant de gemeente allinnich de droegere stikken.

Yn de wiken Bilgaard en Heechterp-Skieringen komme de meanmasines geregeld fêst te sitten. Stikken gers dy't om it wiete waar net meand wurde, geane mei lang gers de winter yn. Dat is lykwols net skealik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)