Fjochterij yn Frjentsjer

17 sep 2011 - 12:33

Yn Frjentsjer binne fan freed op sneon twa minsken oanhâlden omdat se behelle wiene by in fjochtpartij. De plysje reagearre op in melding út de Voorstraat. Dêr seagen se trije fjochtsjende jonges.

De plysjes besochten se útelkoar te heljen en dêrby is ien agint meardere kearen op de holle slein troch in 17-jierrige jonge út Littenseradiel. Doe't er oanhâlden waard, kearde it publyk him tsjin de plysje wêrnei't dy ekstra minsken ynsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)