Trekker sit scootmobyl dwers
In 42-jierrige man út Ingwierrum op in scootmobyl is freed troch immen op in trekker fan 'e dyk riden op de Fjellingsreed. Dêrtroch bedarre de man yn de sleat en de trekker ried gewoan troch.
It gie om in blauwe of swarte trekker en de plysje is op syk nei de bestjoerder. It slachtoffer is mei de skrik frij kaam.