Twadde iepen dei fleanbasis

17 sep 2011 - 08:32
  • In leech fuotbalfjild yn Marsum.....

De twadde iepen dei fan de Ljouwerter fleanbasis soarge sneontemoarn oant 8.30 oere noch net foar problemen op de Fryske diken. Der wie wol in soad ferkear, mar dat koe flot trochride.

Lykas op de freed is de A31 ynrjochte as parkearterrein, dêr't de minsken mei bussen wei helle wurde. De plysje advisearret publyk om mei it iepenbier ferfier te kommen en ek om reinklean mei te nimmen. Yn de rin fan de dei wurdt wiet waar ferwachte. Der wurde sneon 100.000 besikers ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)