Van Agt komt nei Ljouwert

Ald-premier Dries van Agt
Ald premier Dries van Agt komt nei Ljouwert. Hy sil in lêzing hâlde oer it konflikt tusken Israël en de Palestijnen. Dêryn sil hy omtinken jaan oan de djippere oarsaak fan it konflikt en it Nederlânske en Europeeske belied. Van Agt is útnoege troch de JOVD, de VVD-jongerein.
Takom wike woansdei wurdt troch de JOVD yn 'e NHL in middei hâlden yn it ramt fan ynternasjonale relaasjes en konflikten. JOVD'ers, studinten fan de Thorbecke Akademy en oaren binne wolkom.