Muzykdosint wurke yn Fryslân

16 sep 2011 - 16:46

Ien fan de twa manlju dy't troch muzyksintrum Quintus yn Kampen skorst is, is feroardiele foar in sedesaak yn Fryslân. Dat hat de direkteur fan Quintus befestige. Freed waard bekend dat by Quintus twa kollega's fertocht wurde fan in sedemisdriuw. Ien fertochte hat op 9 septimber dien krigen. De man joech les yn Sint Nyk.

De man hat dêr in ôfbylding toand oan in minderjierrige. Hjirfoar is hy yntusken feroardiele. Hy hat in wurkstraf fan 50 oeren krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)