Jachthaven De Skâns ferkocht

16 sep 2011 - 15:00

Jachthaven Oostmahorn op 'e Skâns is dizze wike ferkocht oan LMG Vastgoed fan Eddy Rondema. De jachthaven mei 400 lisplakken en rekreaasjewenten is yn maaie dit jier fallyt gien.

Rondema wie fan doel om sels de haven te ûntwikkeljen, mar it liket der no op dat hy de haven wer troch ferkeapje sil. Hy is yn fiergeande ûnderhanneling mei in keaper út de rekreaasjewrâld, dy't der wer in moderne en oantreklike haven fan meitsje wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)