CU: parkearplak by monumint

Der moat in parkearstrook komme by it oarlochsmonumint oan de dyk tusken Wâldsein en Balk. Dat fynt de steatefraksje fan de ChristenUnie. Der binne plannen om de dyk te ferbreedzjen. Dat is in goed momint om de tagonklikheid fan it monumint te fergrutsjen, fynt de ChristenUnie.
It monumint leit yn in stik greide en it parkearplak dat it tichtstby leit, is in pear hûndert meter fierderop. Minsken dy't der hinne wolle, moatte no in ein troch de berm of it lân rinne.