Nij sintrum foar helptsjinsten

Op it nagelnije krisissintrum yn Drachten wurdt de koördinaasje dien fan ferkear en eventuele kalamiteiten by de iepen dagen fan de fleanbasis. It is de twadde kear dat it sintrum brûkt wurdt, de foarige kear wie by de brân by it spekjesfabryk yn Harns.
It foardiel fan it sintrum is, dat alles der is. Earder moast in lokaal yn in âld-brânwachtkazerne yn Ljouwert by eveneminten alle kearen op 'e nij ynrjochte wurde. Op 12 grutte skermen wurde de iepen dagen yntinsyf folge.