Vitanza nei SC Hearrenfean

16 sep 2011 - 12:10
  • Arrica Vitanza

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat har foar dit seizoen fersterke mei Aricca Vitanza. De 22-jierrige Amerikaanse komt oer fan de Italiaanske searje A klup Orlandia '97 út Sisilië.

Vitanza is berne yn Los Angeles, mar hat ek in Italiaansk paspoart. Doe't se 17 jier wie makke se de oerstap nei Europa en spile se by de Servyske topklup ZFK Masinak. De middenfjilder hopet op 30 septimber tsjin Telstar har debút te meitsjen foar Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)