Man rydt ferkearsboerd omfier
In 24-jierrige automobilist fan It Hearrenfean hat tongersdei in ferkearsboerd omfier rieden, nei alle gedachten omdat hy tefolle drank op hie. Op de ôfrit fan de A6 by Sint Nyk miste de man in bocht. Hy ried oanslutend in ferkearsboerd omfier.
Op it plysjeburo die bliken dat hy tefolle alkohol op hie.