Ljouwerter fytser ferwûne

16 sep 2011 - 10:09

Yn Ljouwert is tongersdei in 73-jierrige stedsbewenner ferwûne rekke troch in botsing mei in oare fytser. De Ljouwerter joech op in krusing gjin foarrang oan in 27-jierrige man út Bûtenpost. In botsting wie it gefolch.

De 73-jierrige rekke ferwûne oan 'e holle en it skouder en is nei it sikehûs brocht. De Bûtenposter kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)