Loftmachtdagen 2011 útein set

16 sep 2011 - 10:00

Op de Ljouwerter fleanbasis binne freed om 9 oere de Loftmachtdagen 2011 begûn. Boppe de basis wurde fleansjo's opfierd en publyk kin op de basis ferskate militêre fleantugen besjen. Yn it ramt fan 'e besunigings hat definsje besparre op de kosten fan de organisaasje fan it evenemint. Publyk wurdt advisearre om mei it iepenbier ferfier nei de iepen dagen te kommen om grutte ferkearsoerlêst foar te kommen. Fan it stasjon yn Ljouwert ride pendelbussen nei de basis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)