Buorden folgje foar iepen dei

Ien fan de fleantugen moarn by de iepen dei
De plysje Fryslân advisearret besikers fan de iepen dagen fan de fleanbasis Ljouwert om goed de buorden te folgjen. Dêr stiet op oanjûn hoe't minsken op de parkearplakken komme moatte. Fan dêrút kinne besikers mei pendelbussen nei de fleanbasis ta. Der wurde tsientûzenen besikers ferwachte. Der is om de fleanbasis hinne foar 19.000 auto's parkearromte makke.
Ek mei it iepenbier ferfier is de fleanbasis maklik te berikken. Fan it stasjon ôf ride bussen nei de basis.