Jild foar berikberens Noarden

Der moatte mear treinen komme tusken Ljouwert en Grins
It ryk stelt 164 miljoen euro beskikber foar it iepenbier ferfier yn Noard-Nederlân en de ferbettering fan de ferbining fan it Noarden nei de Rânestêd. Der is jild reservearre om de feilichheid te ferbetterjen fan de spoaroergongen op it trajekt Swolle-Ljouwert. De brêge oer it Van Harinxmakanaal moat flugger betsjinne wurde. Fierder wurdt sjoen oft de oergong fan it spoar yn Wolvegea ferfongen wurde kin troch in spoartunnel.