Fries om utens lekt nota

15 sep 2011 - 20:02

De 29-jierrige Fries om utens Bram Talman is ferantwurdlik foar it útlekken fan de miljoenenota. Talman tikte de webside fan Prinsjesdag yn en doe ferskynde de nota. In ict-flater hat derfoar soarge dat de nota tongersdei al sichtber wie yn stee fan freed.

Talman is berne yn Drachten en grutbrocht yn Harns. De sjoernalist en histoarikus wennet tsjintwurdich yn de rânested. Hy wurket yn de saaklike tsjinstferliening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)