Freeze: lotting reis nei Yslân

© Omrop Fryslân
Besikers fan it popfestival Freeze yn de Ljouwerter Harmonie meitsje kâns op in reis nei Yslân, as se op 'e tiid komme. Wa't foar 10 oere jûns komt, kin in kaartsje yn in bus dwaan om gading te meitsjen oan de reis.
De priis bestiet út in fleanticket, hoteloernachtings en kaarten foar it Iceland Airwaves Festival. Dat popfestival wurdt hâlden fan 12 oant 16 oktober hâlden. It Freezefestival is op sneon 24 septimber.