Litouwers langer fêst

De trije Litouwers fan 31, 34 en 64 jier dy't ferline wike oppakt binne foar ynbraken yn sloopbedriuwen, bliuwe langer fêst sitten. Se wurde fertocht op ferskate plakken yn Noard-Nederlân yn sloopbedriuwen ynbrutsen te hawwen.
De saak kaam oan it ljocht doe't de plysje ferline wike yn Broeksterwâld de trije oppakte. Yn harren auto leine katalysatoaren en kompjûters. Dy hiene se stellen by in bedriuw oan de Haaijehoek yn Broeksterwâld.