Masturbearjende fytser oppakt

15 sep 2011 - 11:57

In 31-jierrige Sint Nykster is woansdeitemiddei op It Hearrenfean oanhâlden foar skeinen fan de earberens. De plysje krige meldingen dat ien masturbearjend oer de Dimpte Mûnewyk fytste.

By syn oanhâlding askele de Sint Nykster bot tsjin. De plysje hie muoite de man te pakken. Lang om let is de skeiner dochs meinaam en fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)