Klusles foar âlden huzen

15 sep 2011 - 07:51
  • De wenning yn Mantgum dy't Jukema ûnder hannen naam

Arsjitekt Nynke-Rixt Jukema sil les jaan yn it ferbouwen en enerzjysuniger meitsjen fan âlde huzen. Minsken dy't oan sa'n projekt begjinne wolle, kinne fia har oplieding 'Koop een krot' in wurkleaze boufakker ynhiere.

Jukema en har partner hawwe de ôfrûne tiid twa jier in ferfallen wenning yn Mantgum ferboud en Jukema wol no dy ûnderfining brûke om oaren mei sa'n plan te helpen. De neidruk sil lizze op isolaasje, fentilaasje en enerzjybesparring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)