Mid-Fryslân hurd ûnderút

Logo Mid-Fryslân
De kuorballers fan Mid-Fryslân koene it yn har twadde wedstriid yn de eareklasse lang net oprêde tsjin DOS'46. Yn Nijeveen waard it 23-14 foar de thúsploech. Healwei wie it ferskil al makke: 14-8. Foar de klup út Reduzum en Grou in domper nei it knappe debút fan ôfrûne snein tsjin Blau Wyt (A'dam) mei in 16-14 ferlies.
Yn de haadklasse wûn LDODK de Fryske twastriid mei 16-10 fan SCO. Ek hjir wie it ferskil foar it skoft al makke: 11-4.