Drugsbelied Snits helpt

De oanpak dy't Snits betocht hat foar de drugsoerlêst yn 'e stêd helpt. Mei dy konklúzje komt boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Snits stelde ferline jier spesjale teams yn om de oerlêst yn kaart te bringen en oan te pakken.
De teams hawwe yntusken njoggen dealers yn harddrugs oppakt en sân yn softdrugs. Ek hawwe se de plakken yn kaart brocht dêr't drugs ferhannele wurde. Fanwege it sukses wol Snits de oanpak trochsette.