Drege ferhúsklus Frysk Museum

14 sep 2011 - 15:55

De oerpleatsing fan de twa Hylper keamers nei it nije Frysk Museum is in spannend momint yn de ferhuzing. It is dreech om mear as hûndert jier âlde plafonds, flierren en tegelwanden sûnder skea fan it iene op it oare plak te krijen.

Spesjalisearre restaurateurs binne begûn mei it ferhúsklear meitsjen fan de keamers. Se tinke oer fjouwer moanne klear te wêzen. De keamers komme yn de fêste útstalling oer de skiednis fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)