Universiteitsbyb yn Tresoar

14 sep 2011 - 12:12

De universiteit fan Frjentsjer moast 200 jier lyn de doarren slute. De wittenskiplike boeken fan de kolleksje binne te sjen yn in útstalling yn Tresoar yn Ljouwert. It is in rekonstruksje fan de biblioteek sa't dy der yn 1601 nei alle gedachten útsjoen hat. Mei in katalogus dy't út dy tiid bewarre bleaun is, is dy rekonstruksje te meitsjen.

Yn Museum Martena yn Frjentsjer binne portretten te sjen fan professoaren en guod fan it studintelibben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)