Eask Smedema: 3 jier selstraf

Justysje hat yn de saak Smedema 3 jier selstraf easke tsjin de haadfertochte (20) út Damwâld. De man soe it slachtoffer de fatale klap tsjin de holle jûn ha. Fan de trije jier is in healjier ûnder betingst. Tsjin twa oare fertochten út Broeksterwâld en Damwâld is ien jier selstraf easke, wêrfan in healjier ûnder betingst. Tsjin de trije oare fertochten binne wurkstraffen easke.
Redmar Smedema (16) ferstoar ferline jier nei in fjochtpartij yn Club Q.