Garnalekotter fêstrûn

14 sep 2011 - 09:50

De garnalekotter ZK 12 is woansdeitemoarn fêstrûn op in sânbank by Skiermûntseach. It skip rekke troch in kombinaasje fan de hurde wyn en leech wetter om in oere as acht fêst. Twa rêdingsboaten fan Skiermûntseach hawwe it skip holpen om wer los te kommen. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

It skip sil yn de haven fan Lauwerseach ynspektearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)