Trefpunt boeren en opfolgers

Der komt in firtueel trefpunt foar boeren dy't gjin opfolgers ha en jonge boeren dy't graach buorkje wolle mar gjin bedriuw ha. Beide partijen fine mekoar no net sa maklik.
It Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt, it NAJK, set dêrom in firtueel trefpunt op. Sa kinne beide partijen mekoar fia ynternet fine. Der wurdt no noch wurke oan it trefpunt, dat yn de rin fan oktober yn de loft giet.