Hege boete foar eksportfraude

13 sep 2011 - 22:28

Tsjin in fee-eksportbedriuw yn Ljouwert is tiisdei in boete easke fan 75.000 euro. De direkteur fan it bedriuw hinget in wurkstraf fan 160 oeren boppe de holle. De man soe yn 2007 in feedokterspraktyk yn Wommels opdracht jûn hawwe om te fraudearjen mei bloedmeunsters fan kij dy't besmet wiene mei it blautongefirus. De man seit lykwols dat hy fan neat wit.

In eardere feedokter yn de praktyk hinget in wurkstraf fan 240 oeren boppe de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)