Doarpen bliid mei útstel fúzje

13 sep 2011 - 17:16

Doarpsbelang Haskerdiken-Nijbrêge is bliid mei it beslút fan minister Donner om de fúzje fan de Friese Meren út te stellen. It twillingdoarp heart no by Skarsterlân, mar komt nei de fúzje by Hearrenfean. De bewenners wolle dat net, mar se koene dêr gjin beswier tsjin oantekenje.

Minister Donner fynt dat se dy kâns hawwe moatte. Doarpsbelang is foaral bliid dat de beswieren no oer de offisjele wei yn Den Haach beoardield wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)