Beswiermakkers ID-jild werom

13 sep 2011 - 17:11

Yn Eaststellingwerf krije twatûzen beswiermakkers tsjin it beteljen foar in identeitskaart jild werom. De gemeente hat dat beslút naam nei oanlieding fan de útspraak fan de Hege Ried, dy't sein hat dat de ID-kaart fergees wêze moat.

Sûnt oktober ferline jier wiisde Eaststellingwerf minsken al op de mooglikheid beswier te meitsjen tsjin it beteljen. De minsken dy't dat dien hawwe, krije no it jild werom. Se krije persoanlik berjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)