Twadde dei yn saak blautonge

13 sep 2011 - 13:51

In eardere feedokter út Wommels hat tiisdei 240 oeren wurkstraf tsjin him easkjen heard foar fraude mei bloedmeunsters. Hy soe bloedbuiskes fan kij mei blautonge ferwiksele hawwe mei buiskes fan sûne kij. De man wurke as feedokter by in praktyk yn Wommels.

De feedokter sei dat er ûnder druk fan in eksportbedriuw yn Dronryp fraudearre hat. It bedriuw drige as klant fan de praktyk op te stappen as de man net meidie. Moandei wie de earste dei fan it blautongeproses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)