Flechtingen út Afrika

13 sep 2011 - 12:35

Hast hûndert flechtlingen út Afrika komme dizze moanne yn Fryslân te wenjen. It binne minsken dy't fanwege harren slimme situaasje útnoege binne nei ús lân. Se wennen yn earmoedige flechtlingekampen.

De lanlik fiifhûndert flechtlingen krije daliks in ferbliuwsfergunning. De minsken dy't nei Fryslân ta komme, krije hierhuzen yn stêden en doarpen yn Súdwest- en Noardeast-Fryslân. Flechtingewurk is drok dwaande mei de tariedings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)