Oanhâldings foar dea Haanstra

It plak fan de fjochterij (foto: Rob Pieters, Omrop Fryslân)
Twa jonges fan 16 en 19 jier út Drachten binne oanhâlden foar de dea fan Hannie Haanstra. Se wurde fertocht fan belutsenens by de dea fan de 48-jierrige Haanstra. Dy ferstoar ferline wike moandei oan de ferwûnings dy't er de sneons dêrfoar oprûn hie by grutte fjochterij oan de Robijnekamp yn Drachten.
De plysje hat in grut buertûndersyk dien. Ofrûne tongersdei wie der noch in stille tocht foar de ferstoarne. Dêr diene goed 200 minsken oan mei.