Treinûngelok: te min feiligens

13 sep 2011 - 11:56
  • Foto: Omrop Fryslân
  • Tjibbe Joustra

It treinûngelok fan ferline simmer by Starum komt troch te min omtinken foar feiligens. Dat seit de Onderzoeksraad voor de Veiligheid nei in ûndersyk. Benammen ProRail krijt de Swarte Pyt taspile. De spoarbehearder soe yn it foar by de ûnderoannimmers te min easken steld hawwe oan de feiligens. Boppedat soe by it wurk te min kontrôle west hawwe.

By it ûngelok ried de trein troch in stjitblok dwerstroch in winkel. It automatyske remsysteem wurke net goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)