Donner: gemeentefúzje letter

13 sep 2011 - 11:16
  • Minister Donner

Minister Donner wol de fúzje fan de gemeenten Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân in jier opskowe nei 1 jannewaris 2014. Hy is wol posityf oer de weryndieling en sil dêrfoar in wetsfoarstel yntsjinje. Utstel is nedich omdat Boarnsterhim yn 2014 ferdwynt. It doarp Terherne komt by de nije gemeente Friese Meren. De minister wol dat dat lykop rint.

De fúzjegemeenten wolle fêsthâlde oan 1 jannewaris 2013. Se wolle sa gau mooglik oerlizze mei de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)