Auto rydt fan kade ponton op

13 sep 2011 - 10:05

In 56-jierrige man is moandei yn Harns mei de auto fan in kade ôfriden. De Flylanner seach mei syn soantsje yn de Nije Fiskerijhaven nei in skip foar de wâl. Mar hy fergeat dat de kade ophâlde en ried sa it wetter yn. De auto kaam op in ponton telâne dat dêr lei.

De man en syn soan kamen mei de skrik frij. It ponton en de auto hiene wol skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)