Besite Europeeske organisaasje

13 sep 2011 - 06:50

In delegaasje fan de Europeeske organisaasje foar ekonomyske gearwurking en ûntwikkeling OESO is dizze dagen op besite yn Fryslân. De organisaasje hat as doel ekonomyske problemen yn lannen op te lossen en derfoar te soargjen dat minsken it better krije.

Yn Fryslân sjogge se benammen nei de foardielen fan duorsume enerzjy foar plattelânsgebieten. De provinsje hopet dat Fryslân dêr yn de takomst opdrachten út hellet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)