Taakstraf foar fergiftigings

12 sep 2011 - 17:00

In 75-jierrige man út Makkingea hat moandei in taakstraf fan 80 oeren krige foar it fergiftigjen fan rôffûgels. Fan 2009 ôf soe de man deade mosken en hinnen fol mei gif yn boskjes lein hawwe. Omdat de dieder net te finen wie, is er úteinlik mei help fan kamera's opspoard.

De Makkingeaster ûntkent dat er op de bylden te sjen is. Mar de rjochter herkende him wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)