Rjochtsaak oer feefraude

12 sep 2011 - 12:32

Tsjin in feetransporteur út Dronryp is 150.000 euro jildboete easke. Hy stie moandei mei oare fee-eksporteurs en in direkteur foar de rjochter. Tsjin de direkteur is ien jier sel easke, wêrfan seis moanne ûnder betingst. Tsjin him is ek in jildboete easke, mar dan fan 15.000 euro.

De fertochten soene ein 2007 bloedmeunsters fan sûne kij brûkt hawwe foar sûnenssertifikaten. Se brûkten dy foar de eksport fan kij dy't mei blautonge besmet wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)