Besite delegaasje út Mozambyk

Te gast op it Provinsjehûs (foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân)
In delegaasje fan boargemasters en wethâlders fan gemeenten yn Mozambyk sjogge dizze wike yn Fryslân hoe't wy omgean mei wetter. Yn it Afrikaanske lân rint al in skoft in Frysk projekt foar skjin wetter. Der is dêr al in soad bard om minsken skjinner wetter te jaan, mar dat moat wol goed oanstjoerd wurde. Dêrom binne se hjir.
It ministearje fan Bûtenlânske Saken, de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en sa goed as alle Fryske gemeenten betelje it wetterprojekt.