Die Friesen winne sit yn Leer
De regionale partij Die Friesen hat snein by de lokale ferkiezings yn Nedersaksen foar it earst in sit wûn yn de Landkreis Leer. De partij waard yn 2007 oprjochte en die foar it earst oan ferkiezings mei.
Die Friesen beskôgje harsels as de Eastfryske susterpartij fan de FNP. De partij wol dat Dútslân mear yn it plattelân ynvestearret en net allinnich yn grutte stêden. De partij is ek op de opslach fan CO2 tsjin yn de boaiem fan East-Fryslân.