Problemen by Friesland Foods

12 sep 2011 - 11:08

By Friesland Foods yn Gerkeskleaster hawwe moandeitemoarn problemen west mei in ammoniaklieding. In ôfsluter siet net goed ticht en lekte ammoniak. De brânwacht slagge der gau yn de ôfsluter ticht te krijen. It probleem hat dêrtroch gjin grutte gefolgen hân.

De sitewaasje like earst slimmer. Dêrom waarden ferskate brânwachten oproppen. De ôfsluter siet al gau wer ticht. Sadwaande koene de oproppen ekstra korpsen op healwei wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)