Ynbrekkers litte bút falle

12 sep 2011 - 10:55

Twa minsken hawwe sneintenacht ynbrutsen by in wettersportbedriuw yn Grou. Om twa oere hinne waard de eigner wekker fan leven. Hy gie nei ûnderen ta en kaam de ynbrekkers oer it mad. Se skrokken sa dat se de bûtenboardmotoaren dy't se meinimme soene, falle lieten.

De twa naaiden út yn in auto. De plysje hat Boargernet ynskeakele om de ynbrekkers te pakken, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)