Botsing brommer-motor

12 sep 2011 - 10:30

In 17-jierrige bromfytser út Drachten en in 41-jierrige motorrider út Bitgum binne sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Drachten. De jonge op de brommer seach net goed út en stuts samar ynienen in krusing oer. In oanriding wie it gefolch.

Beide bestjoerders rekken ferwûne en moasten mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)