Bloedspoar liedt ta ferwûne

De plysje hat snein Boargernet ynskeakele om in ferwûne man op It Hearrenfean te finen. Dy wie om alve oere hinne yn in bedriuw oan de Mincklerstrjitte fan de trep fallen en ferwûne rekke oan 'e holle. Hy wie dêrnei fuortrûn en liet in grut bloedspoar achter.
De plysje wie benaud dat de man oan syn ferwûnings ferstjerre soe en die in oprop om nei him út te sjen. Hy waard úteinlik fûn en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.