Bussjauffeur bedrige

12 sep 2011 - 09:38

Twa ynwenners fan De Gordyk fan 18 en 29 jier binne sneintejûn oanhâlden omdat se in bussjauffeur bedrige hiene. De manlju wiene dronken de bus ynstapt en hiene nochal wat praatsjes. Doe't de bussjauffeur dêr wat fan sei, waard er bedrige troch de beide Gordyksters.

De sjauffeur warskôge de plysje. Dy hat de twa op de Badwei yn harren eigen wenplak oppakt. Op it plysjeburo hawwe de manlju in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)