Snits Wyt Swart wint by NEC

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat yn Nijmegen tsjin de amateurs fan NEC in knappe 1-0 oerwinning helle. Dêrmei is de start fan Snits WS dit jier yn de haadklasse better as ferline jier. Doe slagge it lang net om punten te pakken. Nei it lykspul fan ferline wike stiet de ploech no mei fjouwer punten op it fjirde plak.
Doelpuntemakker foar de Snitsers wie Cees Smaal, dy't de winnende goal makke troch in moaie omhaal fia de ûnderkant fan de latte.