Ariëns solo oer de finish

11 sep 2011 - 15:21
  • Crispijn Ariëns

Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat sneontejûn de winst pakt yn de 14e wedstriid om de Inline Cup skeelerjen. Yn it Oerisselske Rijssen kaam er solo oer de finish nei in ûntsnapping út it peloton. Ariëns kaam krekt út Súd-Koreä dêr't er brûns helle hie op de WK puntekoers oer 10 kilometer. By de froulju waard Friezinne om utens Elma de Vries tredde. Sy wie de bêste Nederlânske dielnimmer. Nûmer ien en twa waarden de Australyske Lochland en de Belgyske Goovaerts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)